Keimpe de krokodil

Keimpe de Krokodil

Keimpe de Krokodil is gek op lêzen en ferhalen. Mei lêzen en ferhalen kinst fanalles belibje en it is ek noch goed foar de ûntwikkeling fan taal en konsintraasje. Dat jildt foar alle talen, dus ek foar it Frysk. En Keimpe wol sjen litte dat Frysk lêzen leuk is en hielendal net yngewikkeld!

Keimpe thús

Thús Frysk leare mei Keimpe

Keimpe op reis

Keimpe yn de hoareka

Keimpe op skoalle

Yn de metoade Spoar 8 leart Keimpe de learlingen Frysk lêzen en wurdskat.

Wêr is Keimpe boek

Spylje de ynteraktive ferzjes fan de platen út it boek.
Harkje nei de audiofragminten fan alle platen yn trije talen.
(Frysk, Nederlânsk en Ingelsk)

Oer Keimpe

Lêspromoasje

Keimpe de Krokodil stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, foar bern fan 4-8 jier. Keimpe wol bern en harren âlders en learkrêften stimulearje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Troch yn it Frysk te lêzen en ferhalen te fertellen wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Sa stimulearret Keimpe de Krokodil meartalichheid en krije bern de foardielen dêrfan mei.

De ferhalen

De Keimpe-ferhalen geane oer de bern Eef, Hidde, Mia, Rins, Sef en Silke en oer poes Maus en hûn Jep. Sy belibje hiele bysûndere en hiele gewoane aventoeren mei-inoar. De ferhaaltsjes wurde skreaun troch de Keimpe-skriuwgroep, dy’t bestiet út Ysbrand Drost, Reina Smeink Kroodsma, Berber Spliethoff, Elbrich Vreeling en Tjitske van Dijk. De yllustraasjes by de ferhaaltsjes en teksten binne fan Aart Cornelissen. Aart Cornelissen makke ek de yllustraasjes foar it grutte ‘Wêr is Keimpe?’-sykboek.

It Keimpe-projekt

De aktiviteiten fan Keimpe de Krokodil wurde koördinearre yn it Keimpe-projekt. Dit projekt is in inisjatyf fan Afûk, FERS en Cedin.

2021, Keimpe